Leerlingen van De Roerganger krijgen zittend en staand les

De bern fan basisskoalle CBS De Roerganger op It Hearrenfean kinne fan takom wike ôf kieze oft se sittend of steand les krije wolle. De Roerganger is de earste skoalle yn Fryslân dy’t spesjaal dêrfoar saneamde sit-stean buro’s krijt. Lang sitte is min foar de sûnens. Sa kin it de kâns op diabetes grutter meitsje of kin it derfoar soargje dat immen te grau wurdt.

Hast santich persint fan de folsleine sittiid fan bern bart op skoalle. Sport Fryslân wol dit probleem oanpakke en hat dêrom dizze sit-stean buro’s yntrodusearre. De effekten fan de buro’s sille de kommende twa wiken ûndersocht wurde.